Plysje siket beammefandalen Dronryp

16 jun 2016 - 12:50

De plysje is op syk nei tsjûgen fan de fernielerij fan alve beammen oan de Hearewei en de Skries yn Dronryp. De fernieling fûn plak op snein 5 juny, moarns tusken 4 en 5 oere.

Omwenners hawwe in groep jongeren sjoen en heard dy't nei alle gedachten belutsen wie by de fernielingen. De plysje hat minsken fia Burgernet oproppen om mei ynformaasje te kommen, om de dieders oanhâlde te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)