Keeperstrainer Harmen Kuperus fuort by SC Hearrenfean

16 jun 2016 - 12:24
  • Keeperstrainer Harmen Kuperus

Sportklup Hearrenfean hat besletten it kontrakt fan keeperstrainer Harmen Kuperus net te ferlingen. Nei twa seizoenen rint it kontrakt fan de âld-keeper ôf. Wêrom't Hearrenfean it kontrakt net ferlingt, wol de klup net sizze.

SC Hearrenfean is yn petear mei in ferfanger. Nei alle gedachten is dat Raymond Vissers fan Willem II, de klup fan Jurgen Streppel, de nije haadcoach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)