Alle learlingen slagge op it Piter Jelles Impulse Kollum

16 jun 2016 - 12:15
  • De flagge hinget út, alle learlingen binne slagge op it Piter Jelles Impulse Kollum

Foar it twadde jier op rige binne alle eineksamenlearlingen fan it Piter Jelles Impulse yn Kollum yn ien kear slagge. De 28 learlingen krigen tongersdeitemoarn de útslach fan de eksamens. Tongersdeitemiddei komme se allegearre nei de skoalle om it te fieren en de siferlist op te heljen.

Ferline jier hie de skoalle ek al in 100 persint skoare. It is foar it earst dat yn twa opienfolgjende jierren alle eineksamenlearlingen fan it Piter Jelles Impulse slagje foar it eksamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)