300 oeren wurkstraf easke yn heger berop oanriding Sint-Nyk

16 jun 2016 - 11:53

Tsjin de 59-jierrige frou út Sint-Nyk dy't yn augustus 2014 twa jonges oanried, is yn heger berop 300 oeren wurkstraf en 4 moanne selstraf ûnder betingst easke. Ek soe se trije jier lang net ride meie. Neffens it Iepenbier Ministearje hat de frou har skuldich makke oan roekeleas rydgedrach.

Se wie neffens de advokaat-generaal dwaande mei in achterfolging en wie se har bewust fan de gefaren fan har rydgedrach. By de oanriding rekke ien jonge slim ferwûne. Hy bliuwt blyn oan ien each. In oare jonge rekke licht ferwûne.

Jonges narren har hûn

De frou is earder troch de rjochtbank feroardiele ta 240 oeren wurkstraf, fjouwer moanne selstraf ûnder betingst en in rydûntsizzing fan twa jier. It Iepenbier Ministearje gie doe yn heger berop. Dy hie ûnder oare 18 moanne sel easke fanwegen poging ta deaslach. De frou kaam ta har die, omdat de jonges har hûnen faak narren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)