Slachtoffer oerfal Nes-Akkrum is wer thús

16 jun 2016 - 11:18
  • Spoare-ûndersyk by de wente oan de Strikel

It slachtoffer fan de oerfal woansdeitemiddei oan de Strikel yn Nes-Akkrum is wer thús. Hy hat ûnder oare de noas en de ribben stikken, mar fierders giet it ridlik mei him, sa seit syn soan. De man waard woansdeitemiddei oerfallen yn syn hûs. Twa manlju wiene deryn kaam mei it ferhaal dat se syn hûs besjen woene, omdat dat te keap stiet.

Steurd

Under de rûnlieding sprongen sy boppe-op it slachtoffer en bûnen him dêrnei fêst mei duct tape. It hiele hûs is dêrnei oer de kop helle. It liket der neffens de soan fan it slachtoffer lykwols op dat de oerfallers steurd binne. In part fan it weardefolle guod út it hûs is wol klearsetten, mar net meinommen.

Doe't de oerfallers fuort wiene, hat it slachtoffer yn de keuken in mes fûn en himsels diels losmeitsje kinnen. Doe koe de man bûtendoar komme en om help freegje.

"Laatste uur geslagen"

"Hij dacht dat zijn laatste uur geslagen had, maar het is een hele taaie man", sa seit de soan oer syn heit.  Bide oerfallers praten min Nederlansk en se hiene in East-Europeesk úterlik. De iene man wie frij grut, sawat 1 meter 80, de oare wat lytser. Opfallend oan de lytse oerfaller wie neffens de plysje dat er in hiel puntige noas hie. Tongersdei docht de resjerzje fierder ûndersyk yn de wenning oan de Strikel yn Nes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)