Aris leit Kanadees Meshack Lufile fêst

16 jun 2016 - 09:48

Nei Jordan Gregory hat basketbalklup Aris Ljouwert syn twadde bûtenlânske spiler kontraktearre. It giet om de 23-jierrige Kanadees Meshack Lufile. Hy hat in kontrakt tekene foar ien seizoen.

Lufile komt fan Cape Breton University, dêr't er fiif seizoenen spile. Lufile is nei Leroy Peterson en Jordan Gregory de tredde spiler yn de seleksje fan coach Klaas Stoppels. Aris Ljouwert hopet meikoarten mear nije nammen presintearje te kinnen.

Besjoch hjir de hichtepunten fan Meshack Lufile fan it seizoen 2015/2016: 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)