Wurkleazens fierder ôfnaam yn Fryslân

16 jun 2016 - 08:46

De wurkleazens yn Fryslân is yn maaie opnij fierder nei ûnderen gien yn fergelyk mei de moanne derfoar. Dat docht bliken út sifers fan it UWV. Dat telde ôfrûne moanne hast 19.500 wurkleazen yn Fryslân. Dat is 5,9 persint fan de beropsbefolking. It tal wurkleazen is mei goed 1.000 nei ûnderen gien.

De wurkleazens naam yn hast alle sektoaren ôf, foaral yn de hannel en yndustry. Ljouwert bliuwt wat achter, dêr gie de wurkleazens mei 2 persint omleech. Yn fergelyk mei in jier lyn binne der wól mear WW-útkearingen, nammentlik 14 persint mear.

UWV is posityf

Dy taname fan 14 persint hat te krijen mei de Wet Werk en Zekerheid, dy't yn july 2015 yngien is. Dêrtroch hawwe minsken op papier langer in útkearing, wylst se yn 'e praktyk alwer oan it wurk binne. Dat fertelt Marieke Schramm fan it UWV. De útkearingsynstansje sjocht posityf nei de nijste sifers. Neffens harren rint yn hast alle sektoaren it tal WW-útkearingen werom. Oer de ôfrûne moanne is Fryslân de provinsje dêr't it tal WW-útkearingen it hurdst nei ûnderen gong is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)