Hurdrider mei 108km troch Damwâld, is rydbewiis kwyt

16 jun 2016 - 08:22

In 27-jierrige ynwenner fan De Westereen is woansdeitejûn syn rydbewiis kwytrekke. De man ried hast 60 kilometer yn 'e oere te hurd binnen de beboude kom. De Westerener waard troch de plysje pakt op de Haadwei yn Damwâld. Hy ried 108 kilometer yn 'e oere, wylst dêr mar 50 kilometer yn 'e oere tastien is.

Trefwurden: 
hurdrider De Westereen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)