ANWB wol rydgedrach automobilisten yn de gaten hâlde

15 jun 2016 - 22:30
  • Autoride

De ANWB komt mei in nije autofersekering: de ANWB Veilig Rijden Autoverzekering. Minsken dy't sa'n fersekering ôfslute, krije in usb-stick yn de auto. Dêr wurdt op fêstlein hoe't se ride. Nei tsien dagen krije se de earste rapportaazje. As se kreas riden hawwe, kinne se nei trije moanne yn 'e beneaming komme foar in koarting fan 30 persint op de fersekeringspreemje.

Der is ek krityk op de nije fersekering. Lang net elkenien wol op de fingers sjoen wurde achter it stjoer. Minsken fiele harren skeind yn de privacy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)