Earste muorre sloopt, ferbouwing Casa is úteinset

15 jun 2016 - 22:20
  • De jongeren fan Casa by de start fan de bou

Jongereinsintrum Casa op it Hearrenfean wurdt fan 't simmer hielendal ferboud. Woansdei is de earste muorre sloopt yn it gebou yn it sintrum fan de stêd. It hjoeddeistige gebou is fertutearze en is net geskikt foar it organisearjen fan aktiviteiten. Dat sizze de begelieders fan Casa.

Under oare it Oranje Fonds en it Prins Bernard Fonds hawwe in bydrage dien. In ferbouwing is neffens de organisaasje hiel bot nedich om't der ûnder de jongerein grutte fraach is nei aktiviteiten en gearkomsten.

Alle wiken komme der sa'n njoggentich jongeren nei Casa.

It hat likernoch twa jier duorre foardat de organisaasje it jild foar de ferbouwing byinoar krigen hat. Neffens jongereinbegelieder Arne Mast komt dat om't de jeugd sels de sponsoaren regelje moasten. En dat hiene de jongeren noch nea dien. Dat is ek it doel fan de organisaasje, dat jongeren sels ûnderfining krije mei it regeljen fan eveneminten en aktiviteiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)