Schrier: "Dioksine-útstjit REC net foar te kommen"

By it opstarten fan de ôffaloven yn Harns is mear dioksine frijkaam as gewoan. Dat seit deputearre Michiel Schrier fan de Provinsje Fryslân.
De ôffaloven lei yn maart en april in skoft stil fanwege ûnderhâldswurk. Nei it opstarten binne mjittings hâlden. In dei letter binne se wer dien, mar doe bleau de útstjit fan dioksines binnen de fergunning. Der hat gjin gefaar west foar de folkssûnens. Neffens deputearre Schrier is it net winsklik, mar ek net foar te kommen dat by it opstarten fan in ôffaloven dioksines frijkomme.
Schrier wol dochs alles op alles sette om ôffalferwurker Omrin te twingen dêr noch better rekken mei hâlde te litten. Sa sil tenei stof dat achter it filter leit,mei de hân fuorthelle wurde. Ek wurdt de omlieding út de oven helle. Dy wurdt no brûkt by it opstarten fan de oven.
Alle útstjit wurdt fan takom jier troch in spesjaal doekfilter laat. Deputearre Schrier ferwachtet dat de útstjit fan gefaarlike dioksines dan ôfnimme sil.