GGD dielt ûndersyksgegevens mei Lifelines

15 jun 2016 - 21:40

De GGD Fryslân is in gearwurking oangien mei Lifelines. Doel is de ûndersyksgegevens oer de sûnens fan Friezen, dy't Lifelines sammelet, te keppeljen oan dy fan de GGD. Sa moat in better byld ûntstean fan hoe sûn oft Friezen binne.

It giet dan bygelyks om de sûnenssituaasje fan âlderein, in groep dy't yn de takomst fierder groeie sil. Troch de keppeling fan gegevens kin better op harren situaasje ynspile wurde. De twa partijen hawwe de gearwurkingsoerienkomst woansdei ûndertekene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)