Doke Schmidt tekenet foar in jier by by SC Hearrenfean

Doke Schmidt © awfoto.nl
Nettsjinsteande in seizoen mei in protte blessueres, hat Sportklup Hearrenfean it kontrakt mei ferdigener Doke Schmidt mei in jier ferlinge. It kontrakt fan de 24-jierrige spiler wie ôfrûn. Schmidt waard in jier lyn operearre oan it ankel en kaam in jier lang net yn aksje by it earste alvetal. It seizoen dêrfoar kaam er noch 22 kear yn aksje.
Schmidt seit yn in reaksje dat er der tige wiis mei is dat SC Hearrenfean betrouwen yn him hâldt.