FIDEO: Flechtlingeskipke Lampedusa en Waadûndersikers

Oerol is wer yn folle gong. Alle dagen docht Bynt ferslach fan it eilân ôf. Ferslachjouwers Miranda Werkman en Albert Jensma gean nei foarstellings ta, prate mei de makkers en meitsje reportaazjes.
Woansdei stapt Miranda oan board by rederij Lampedusa, in âld Egyptysk fiskersboatsje dat troch flechtlingen brûkt is om op Lampedusa te kommen. Dat strykt net alhiel mei de festivalsfear fan Oerol. Of wol? Dat sil se ûndersykje.
Albert moat de broeksboksen opstrûpe om oan board fan de Narvicula te kommen mei wittenskippers.