Foarsjennings foar bewenners en buert by Greunshiem

15 jun 2016 - 20:01

By Greunshiem yn Ljouwert binne woansdeitemiddei in tal saken offisjeel iepene dy't de bewenners fan it wyksoarchsintrum yn kontakt bringe kinne mei de oare ynwenners fan de Schepenbuert.

Op it terrein fan Greunshiem in saneamde beweechtún iepene. Bewenners kinne op de tastellen fysio-oefeningen dwaan en de bern út de buert kinne dêrop boartsje. Dêrnjonken is ek de fuotbalkoai yn gebrûk naam, dy't iepene waard troch de Cambuur-old-stars.

Earder op de middei iepenen bewenners fan Greunshiem in túnprojekt. It doel dêrfan is om sa folle mooglik bewenners te belûken by de oanlis en it ûnderhâld fan de tún. Yn de tún is ek in jeu-de-boules-baan makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)