Syryske húshâlding yn Jorwert is no kompleet

Jorwert hat der tsien ynwenners by. It giet om in grutte húshâlding flechte út Syrië. Moandei kaam de mem mei fjouwer bern en no is de heit mei de oare fjouwer bern ek yn it doarp oankaam. Se binne út Syrië wei flechte foar de oarloch.
De Syriërs krije ûnderdak yn it doarpshûs dat troch it doarp sels omboud is ta wenhûs. It inisjatyf komt út it doarp sels. Omdat it om in grut hûs giet, kin der ek in grutte húshâlding yn wenje. Dy binne dreech te húsfestjen, omdat de gewoane hierwenten yn de sosjale hiersektor te lyts binne.
De heit en mem wiene yn maaie út it AZC yn Oisterwyk nei Jorwert kaam om it doarp en it hûs te besjen. Se fûnen it hûs hiel moai en binne Jorwert tankber foar alle help dy't se krigen hawwe.
De famylje is no ek ynskreaun yn de gemeente en de jongste bern hawwe woansdei al harren earste skoaldei hân.