Gurbe Douwstra en de 2000ste Radio Froskepôle

In spesjaal jubileum foar Radio Froskepôle. It streektaalmuzykprogramma wurdt nije wike tiisdei foar de 2000ste kear útstjoerd. Dat wurdt fierd mei in twa oeren duorjende live-útstjoering op radio, telefyzje en ynternet. Mei live-muzyk fansels. Wy lizze presintator Gurbe Douwstra fjouwer fragen foar.
Hokker útstjoering fan Froskepôle is dy it meast bybleaun?
"Dat is sûnder mis de útstjoering fan de 1500e Radio Froskepôle, yn 2014. Dat programma waard mei-presintearre troch myn streektaal-kollega’s Henk Scholte fan RTV Noord en Bert Kamping fan RTV Drenthe. Beiden binne, lykas ik njonken radiomakker ek útfierend artyst, streektaalsjongers. Wy hawwe alle trije ek efkes sels optreden yn dat programma. En hiel bysûnder wie dat dy ôflevering tagelyk live útstjoerd waard op alle trije noardlike regionale omroppen. Dat wie noch nea earder bard."
Wat is der feroare oer de jierren?
"Yn it foarste plak fansels dat it programma sûnt goed fiif jier fan ien kear yn de wike nei fiif kear yn ‘e wike gien is. Yn it begjin wie it mear in programma oer muzyk út Fryslân en net allinnich mar streektaal. Omdat de net-Fryske muzyk fan Fryske artysten wol genôch draaid waard yn de oare programma’s op Omrop Fryslân Radio, bin ik op in stuit úteinset mei it draaien fan allinnich noch mar streektaal en dan mear as allinnich út eigen provinsje."
Wêr komt de namme Radio Froskepôle eins wei?
"De Froskepôle is in natuergebiet, hjir flakby de studio’s fan Omrop Fryslân, achter op it yndustryterrein De Himrik. Doe’t de omrop yn de simmer fan 1999 nei de lokaasje oan de Suderkrúswei ferhuze en in pear moanne letter myn streektaalprogramma begûn, sochten wy in namme. Iet van der Tol, ien fan myn kollega’s fan doe, kaam mei dizze suggestje en ik fûn it goed passen by it programma sa’t my dat foar eagen stie."
Hokker artyst soesto noch wolris yn de útstjoering hawwe wolle en wêrom?
"Wa’t ik noch nea hân haw en dochs, as fertsjintwurdiger fan de streektaalmuzyk graach ris hawwe wolle soe is Daniël Lohues. Ik haw grutte bewûndering foar syn wurk. Hy skriuwt en sjongt moaie lietsjes en syn teater-lietsjesprogramma binne fan hege kwaliteit."
By de spesjale útstjoering fan Radio Froskepôle op 21 juny binne fans fan de earste oere oanwêzich om it jubileum mei te fieren. Gurbe ûntfangt trije muzikale trio’s: Otto Groote Ensemble út Dútslân, Harry Niehof Trio út Grins en Piter Wilkens mei Libbene Stiennen út Fryslân. De útstjoering begjint om 18.00 oere en is te folgjen op radio, telefyzje en ynternet.