Hûnderten reaksjes op oprop 'leverdonor foar sike Sophie'

15 jun 2016 - 16:54

De oprop fan de famylje Badal fan tiisdei by Omrop Fryslân foar in leverdonor foar harren famke Sophie, hat hûnderten reaksjes opsmiten. It berjocht dêroer op de webside fan de omrop waard mear as 200.000 kear besjoen.

Heit Soerish Badal út Ljouwert is bliid mei alle reaksjes, dy't no troch de spesjalisten fan it sikehûs UMCG yn Grins hifke wurde oft se geskikt binne om de fiif moanne âlde Sophie te helpen. Boppedat moatte de minsken dy't spontaan op de oprop reagearre hawwe, neffens Badal goed foarljochte wurde.

Donoroperaasje
Foar in levertransplantaasje is 20 persint fan in donorlever nedich, dy't yn it lichem fan de pasjint dan wer oangroeit. Mar in operaasje bliuwt dêrby needsaaklik.

Mediastilte
De famylje Badal wol alle minsken dy´t reagearre hawwe, persoanlik antwurd jaan. Dat kostet in soad tiid. Dêrom wurdt foarearst efkes mediastilte yn acht naam.

Sa gau mooglik operearje
Soerish Badal sei woansdei by Weistra op Wei dat de poppe it op dit stuit dreech hat. In donoroperaasje soe dêrom sa gau mooglik útfierd wurde moatte. It UMCG yn Grins ûndersiket oft dat mooglik is. Dêrnjonken sil oan alle minsken dy't reagearre hawwe, frege wurde oft se harren no ek as donor foar oare pasjinten beskikber stelle wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)