Twa ferwûnen by botsing op krusing by Wytmarsum

15 jun 2016 - 16:30
  • De auto's hiene grutte skea

Op de krusing fan de Van Aylvaweg mei de Weesterweg by Wytmarsum binne woansdeitemiddei twa minsken ferwûne rekke by in ûngelok. Troch noch ûnbekende oarsaak botsten twa auto's opinoar.

Ferskate helptsjinsten waarden oproppen, wêrûnder de brânwacht en twa ambulânses. De beide auto's hawwe flinke skea oprûn. Se binne fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)