Nijbouwyk De Krite yn Tytsjerk wurdt woansdei oplevere

15 jun 2016 - 16:00
  • De huzen fan De Krite

Yn Tytsjerk wurdt woansdeitemiddei om fiif oere de nijbouwyk De Krite offisjeel oplevere. It giet om fjirtjin nije keaphuzen. Dêr hie doarpsbelang him mei de gemeente Tytsjerksteradiel sterk foar makke. Jonge húshâldings en starters koene foar in bedrach fan 125.000 in hûs keapje.

De offisjele oplevering wurdt dien troch wethâlder Geerling Schippers. Dêrby is in linebeam plante dy't symboal stiet foar de groei fan it doarp. Om de beam hinne is in bank makke, dy't de nije bewenners útnûgje moat om mei-inoar yn petear te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)