Hûnderten sinnepanielen foar De Lawei yn Drachten

15 jun 2016 - 14:03
  • Skouboarch De Lawei yn Drachten

Skouboarch De Lawei yn Drachten krijt kommende wiken 770 sinnepanielen op it dak. Hjirmei kin de Lawei in kwart fan it enerzjyferbrûk sels opfange. De gemeente Smellingerlân stipet de oanlis fan de sinnepanielen mei in liening oan de skouboarch. De Lawei tinkt dat de panielen sa'n 2.500 euro per jier opsmite kinne. Nei fyftjin jier, as de liening ôfbetelle is, moat dat it dûbele wêze.

De Lawei hat mei de ferbouwing fan ferline jier ek al oare enerzjybesparjende maatregels trochfierd, lykas ledferljochting en in waarmte-kjeld-opslach. It wol úteinlik ien fan de meast duorsume teäters fan Nederlân wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)