Jordan Gregory nije oanwinst foar basketballers Aris

15 jun 2016 - 13:57

Basketbalclub Aris Ljouwert hat de earste oanwinst foar it nije seizoen binnen: Jordan Gregory. De Amerikaan spilet op it stuit by de Rockhampton Rockets yn Australië. Dêr skoart de shooting guard gemiddeld 24 punten per wedstriid. Aris woe Gregory foarich seizoen ek al graach oernimme, mar doe slagge it net. Hy sil yn Ljouwert it plak oernimme fan Javier Duren.

Mei dizze oanwinst hat Aris twa spilers dy't foar takom seizoen in kontrakt hawwe: Leroy Peterson út Stiens stie al op de leanlist yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)