''Skiermûntseach siket troch nei juridyske mooglikheden''

De gemeente Skiermûntseach giet foarearst troch mei útsykjen wat de juridyske mooglikheden binne om gaswinning by it eilân tsjin te gean. Yntusken is dúdlik dat in mearderheid fan de Twadde Keamer him tsjin dy gaswinning keart, mei dêrby ek regearingspartij PvdA. Mar de gemeente fertrout der net blynlings op dat minister Kamp de miening fan de Twadde Keamer oernimt.
Dêrom wurdt besjoen wat der juridysk mooglik is, om eventueel in rjochtsaak begjinne te kinnen, mocht it beslút fan de minister negatyf útfalle foar it eilân en foar it Waadgebiet yn it algemien.