Disel stellen út kraan by Nyegea, plysje siket tsjûgen
Unbekenden hawwe tiisdeitenacht 200 liter disel stellen út in mobile kraan en ferskate brânstoftanks. Dy stienen oan de Kommisjewei by Nyegea. Dêr wurdt wurke oan de oanlis fan in rotonde.
De plysje siket tsjûgen fan de stellerij.