UPDATE: Bestjoerder ferstoarn nei ûngelok by Hallum

15 jun 2016 - 11:14

De 80-jierrige man út Hallum dy't woansdeitemoarn by syn wenplak mei de auto it wetter yn ried, is oan syn ferwûnings ferstoarn. De autobestjoerder bedarre troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter by de Noardermiedwei. It slagge de brânwacht him út de auto te heljen.

De man is dêrnei swier ferwûne oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. Der is er neffens de plysje ferstoarn.

Trefwurden: 
Hallum auto wetter ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)