Omwenners akwadukt by Drachtsterdyk wolle kompensaasje

15 jun 2016 - 10:39

Omwenners fan it akwadukt by de Drachtsterdyk binne net bliid mei de fertraging fan de bou en fine dêrom dat sy wol rjocht hawwe op in jildbedrach as kompensaasje. De wurksumheden fersteure neffens de bewenners it wengenot en in tal huzen soe sels skea oprûn hawwe troch de boarrings yn de grûn. De problemen by de bou fan it akwadukt hienen boppedat foarkommen wurde kind troch in bettere planning fan de provinsje, sa seit ien fan de bewenners.

Woansdei waard bekend dat it akwadukt pas op 31 augustus 2017 iepen kin en de wurksumheden noch lang net klear binne. Omwenners binne al ynformearre mei in brief en op woansdei 22 juny stiet in spesjale gearkomste op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)