Plysje staakt wylde efterfolging troch Ljouwert

Motorplysje © ANP
De plysje yn Ljouwert hat moandeitejûn in wylde efterfolging fan in scooter stake moatte. In motorplysje seach in bestjoerder mei hege snelhyd oer de Aldlânsdyk ride en joech in stopteken. Doe't de plysje stoppe neist de scooter, naaide de bestjoerder út. Nei in lange en wylde efterfolging troch Ljouwert moast de plysje de efterfolging opjaan. De bestjoerder ride fierstente hurd en gie ferskate kearen troch in read stopljocht. Ek besocht hy de plysjes oan te riden.
Nei ûndersyk die bliken dat de bestjoerder in 14-jierrige jonge út Ljouwert wie. De scooter wurdt yn beslach naam.