Meiwurkers Arriva karre útkomsten ûnderhannelings ôf

Meiwurkers fan Arriva hawwe de útkomsten fan de CAO-ûnderhannelings massaal ôfkard. Dat skriuwt Wim Eilert fan fakbûn VVMC op harren webside. Lykas de ûnderhannelingsdelegaasje al ferwachte, stimden de leden op gearkomsten yn Ljouwert en Grins massaal tsjin it CAO-foarstel. De leden hienen Arriva earder al in ultimatum steld. Dêrop binne de ûnderhannelingen wer oppakt, mar de útkomst dêrfan neamt VVMC teloarstellend.
De meiwurkers fan Arriva wolle ûnder oaren in leansferheging fan 85 euro en in bettere reiskostefergoeding. Ek easkje se dat de brutsen tsjinsten ferdwine en dat de pensjoenreparaasje net fan it salaris ôfhelle wurdt.
VVMC hat gearkomsten hân yn Ljouwert en Grins. Meikoarten sille sy ek noch om tafel mei leden yn Zwolle en Dordrecht.