Keamer giet net akkoart mei proefboarrings Skiermûntseach

15 jun 2016 - 06:16

De Twadde Keamer sil net akkoart gean mei de proefboarrings nei gas op Skiermûntseach. Regearingspartner PvdA en opposysjepartij GrienLinks komme nei alle gedachten tongersdei mei in moasje dat de fergunning foar de gasboarring tsjin hâlde moat. As ek de rest fan de opposysje de moasje stipet, is der in keamermearderheid.

Minister Henk Kamp makke in pear wiken lyn bekend dat it bedriuw Engie tastimming krijt foar twa proefboarrings yn de Noardsee by Skier. Dizze soenen goed fiif kilometer út de kust plak fine. Mar de politike partijen fine it risiko foar it Waadgebiet te grut. Ek op it eilân is in soad ferset tsjin de plannen fan Kamp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)