Kontrôles: Ien op de fjouwer rydt te hurd

14 jun 2016 - 22:41

De plysje hat tiisdei kontrolearre op plakken dêr't faak oer klage wurdt dat der te hurd riden wurdt. Dat wie ûnder oare op de Einsteinstrjitte yn Snits. In fjirde part fan alle passanten ried dêr te hurd, mei in útsjitter fan 86 kilometer, dêr't 50 it maksimum is. Op de Ljouwerterdyk wie it mar 2% dat te hurd ried.

By Burdaard waard op de Kolkhuzerwei noch in 47-jierrige Ljouwerter pakt, dy't dêr 141 kilometer op de teller te stean hie, wylst 80 dêr de maksimumsnelheid is. Syn rydbewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)