Iepen Frysk kampioenskip jeu de pelote

14 jun 2016 - 22:37

Yn Easterlittens wurde de kommende fjirtjin dagen it iepen Frysk kampioenskip jeu de pelote ferkeatst. Moandeitejûn wûn Hartwert fan Spannum, Boalsert fan Skearnegoutum en gastdoarp Easterlittens fan Dronryp.

Tiisdeitejûn waarden ûnder prima waarsomstannichheden de twadde rige fan trije partijen ferkeatst. Tsjummearum slagge der nei in oere yn om Weidum te ferslaan, Deinum wie de baas oer It Hearrenfean en Reduzum wie kânsleas tsjin Winsum dat mei 8-0 wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)