Bou nij azc op It Hearrenfean minstens healjier útsteld

It duorret op syn minst in healjier langer foardat der in azc boud wurde kin op It Hearrenfean. Boargemaster Van der Zwan hie hope dat it yn desimber fan dit jier iepen wêze soe, mar dat slagget net no't it ministearje de bouplannen ôfkard hat. De bou fan it azc is tusken de 6 en de 7 miljoen euro te djoer, fynt it ministearje. De gemeente en it COA moatte no op syk nei in goedkeapere oplossing.
Van der Zwan begrypt der neat fan. De fertraging kostet ek miljoenen ekstra fanwege de tydlike opfang dy't no nedich wêze sil.
Gemeente en COA sille no opnij om tafel moatte om te besjen hoe't se dochs sa gau mooglik in AZC bouwe kinne op It Hearrenfean.