Jack Kooistra krijt Sulveren Anjer yn Amsterdam

Jack Kooistra krijt Sulveren Anjer yn Amsterdam © ANP
Jack Kooistra krijt tiisdei yn it Keninklik Paleis op De Dam yn Amsterdam de Sulveren Anjer. Prinses Beatrix sil him de anjer opspjeldzje. Hy kriget de ûnderskieding foar syn wurk as skriuwer oer de Twadde Wrâldoarloch en syn fûleindige striid om oarlochsmisdiedigers op te spoaren en foar de rjochter te bringen.
De Sulveren Anjer wurdt sûnt 1950 útrikt troch it Prins Bernhard Cultuurfonds en takend oan persoanen dy't harren frijwillich ynsette foar de kultuer of natuer yn Nederlân.