Snoei-ôffal ynsammelje foar gemoterapy

14 jun 2016 - 22:16

De jierlikse ynsammelingsaksje fan snoei-ôffal fan de taksus begjint woansdei wer. De aksje wurdt hâlden troch de stichting Vergroot de Hoop. It snoeisel wurdt brûkt as grûnstof foar gemoterapy.

Ferline jier hat de stichting goed 2600 kúb taksussnoeisel ynsammele. Dat is goed foar 2600 gemoterapyen. De stichting wol de opbringst dit jier graach ferdûbelje. Minsken kinne de tûken fan de taksus ynleverje by in soad gemeentlike miljeustrjitten. Dat kin oant 31 augustus.

It is belangryk dat it snoeisel skjin oanlevere wurdt, dus sûnder oare planteresten, want dan is it net mear te brûken. Minsken wurdt dêrom advisearre om by it snoeien in stik plestik of doek te brûken om it snoeisel op te fangen. Allinnich it ienjierrich snoeisel is brûkber (tûken fan 30 sintimeter lang en 1 sintimeter tsjok).

De miljeustrjitte dy't meidogge binne dy yn Bûtenpost, Damwâld, Frjentsjer, De Gordyk, Grou, It Hearrenfean, Ljouwert, Easterwâlde, Stiens, Balk, Burgum, De Jouwer, Kollum, De Lemmer en Wolvegea. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)