FIDEO: Nei Oerol mei in Skylger en Die Welt ist ein Dorf

Oerol is wer yn folle gong. Alle dagen docht Bynt ferslach fan it eilân. Ferslachjouwers Miranda Werkman en Albert Jensma gean nei foarstellings ta, prate mei de makkers en meitsje reportaazjes. Tiisdei giet Mirande op stap mei in Skylger dy't noch nea by in Oerolfoarstelling west hat, omdat se it altyd te drok hat. Monique Klijn wurket mei konteners en yn de foarstelling Origami, dêr't se hinne giet mei Miranda, stiet ek in kontener sintraal. Fierders de foarstelling Die Welt ist ein Dorf, oer hoe't it is om yn in doarp te wenjen.