Proef mei hûnestrân De Lemmer falt net by elkenien goed

In soad fêste gasten fan in camping op De Lemmer binne net bliid mei in stik strân foar hûnen. Mear as 150 minsken hawwe dêr protest tsjin oantekene.
Aksjefierder Jan Jaap Dallinga is benaud dat de bern net mear feilich op it strân boartsje kinne, as de hûnen dêr los omrinne. Boppedat soe it swimwetter troch de hûnestront fersmoarge wurde. De lokaasje is ek nochris minder lokkich keazen, sei er by Weistra op Wei. It is nammentlik krekt it plak dêr't de campinggasten de dyk oerstekke om by it wetter te kommen.
Proef
Gemeente De Fryske Marren hat in stik strân by de gemeentlike camping oan de Plattedyk ynrjochte foar hûnen. It giet om in proef op fersyk fan de VVV, de ûndernimmersferiening Lemmer en de Beach Club Lemmer. Want tusken 1 maaie en 1 novimber is it fanwegen it simmerseizoen ferbean om de hûn op it strân út te litten. Hûne-eigners hawwe dêr in soad argewaasje fan. Om ek dy groep toeristen temjitte te kommen hat de gemeente op proef no in beheind stikje strân ôfset dêr't de hûnen dochs yn it sân drave kinne.
Swimplak foar hûnen
Beliedsmeiwurker Niek Witteveen fan De Fryske Marren ûnderstreket dat it hûnestrân bedoeld is as swimplak foar de hûnen en perfoarst gjin plak is om de hûn út te litten. Boppedat binne der konteners delset dêr't de hûnestront yn smiten wurde moat, sadat it strân skjin bliuwt.
Nei de simmer evaluaasje
Neffens Witteveen giet it foarearst om in proef. Nei de simmerfakânsje sille se besjen hoe't it fierder moat.