Winkel ferkeapet kavels grûn yn Súdwest-Fryslân

De gemeente Súdwest-Fryslân hopet de kommende jierren 5 oant 5,5 miljoen euro binnen te heljen troch de ferkeap fan kavels. Om dy goed yn de merk te setten hat de gemeente in spesjale winkel ynrjochte yn it sintrum fan Snits. Belangstellenden kinne dêr sjen hokker projekten krekt ûntwikkele wurde yn dizze hoeke fan de provinsje en wêr't noch kavels frij binne. Se kinne yn de winkel oan de Nauwe Noorderhorne ek om tafel mei de amtners dy't gean oer de kavelferkeap.
Doel is om sa yn elk gefal alle jierren '70-kavels te ferkeapjen. Foar dit jier is dy doelstelling yn alle gefallen al helle. Oant no ta binne der al 140 kavels ferkocht. It ferskil mei twa jier ferlyn is grut. Doe waard der gjin inkelde kavel ferkocht.