Subsydzje foar ûntwikkeling bedriuwen yn sirkulêre ekonomy
De provinsje lûkt 83.000 euro út foar ambisjeuze en duorsume startende ûndernimmers dy't ferlet hawwe fan help om te groeien. It giet dan om bedriuwen dy't in bydrage leverje oan de sirkulêre ekonomy. Dat hâldt yn dat se inoars produkten en materialen opnij brûke, mar ek gebrûk meitsje fan inoars kennis en kunde.
Bedriuwen dy't belangstelling hawwe, kinne harren oanmelde fia bestart.nu. Dat rjochtet him benammen op studinten of minsken dy't krekt ôfstudearre binne en in eigen bedriuw begjinne wolle.
Fjouwer oanjeiers
Yn BeStart dogge fjouwer oanjeiers mei: Ecommunitypark yn Appelskea, de Wetterkampus yn Ljouwert, Paques yn Balk en ôffalferwurker Omrin. Sy stelle harren kennis, kunde en netwurk beskikber. Fierders dogge organisaasjes lykas de NOM, Oranjewoud en de Rykuniversiteit Grins ek mei. BeStart soarget derfoar dat organisaasjes opinoar oanslute en inoar fersterkje.

Wurkje mei Fryslân
De subsydzje is beskikber steld fanút Wurkje mei Fryslân, it ekonomyske pakket fan de provinsje. www.fryslan.frl/wurkje.