Sponsoraksje: Help blessearre topturnster Lisa Top nei Rio

14 jun 2016 - 17:29
  • Lisa Top by Harm Weistra yn de studio

Corine Timmermans út Nijmegen is mei in jildaksje úteinset om turnster Lisa Top fan It Hearrenfean dochs nei de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro te krijen. De Fryske topturnster hie har mei de Nederlânske turnfroulju pleatst foar Rio, mar doe skuorde se op in training op It Hearrenfean har krúsbân en rekke har meniskus slim blessearre. Dat betsjutte dat se definityf net meidwaan kin oan de Olympiade.

Corine Timmermans, sels mem fan in âld-turnster, wol no jild byinoar helje om Lisa dochs nei Rio te krijen.

Timmermans sei yn it radioprogramma Weistra op wei by Omrop Fryslân dat se net wol dat Lisa de prestaasjes fan har teamgenoaten op telefyzje folgje moat. Se is no mei sympatisanten mei in sponsororaksje úteinset om it jild foar de reis en it ferbliuw yn Rio op it kleed te krijen. Dat kin ûnder oare fia de side Sponsor Lisa's Road to Rio op Facebook of de webside dreamordonate.nl.

Mei-inoar is der 4000 euro nedich. Dat moat der dan wol foar 7 augustus wêze, want dan komt it nasjonale frouljusteam yn aksje. Lisa sels is bliid ferrast troch de aksje. Se hopet dat se dan yndied har teamgenoaten oanmoedigje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)