Liander test strjitferljochting, lampen oerdeis wer út

14 jun 2016 - 17:17

Ut de provinsje wei komme fan alle kanten berjochten dat de strjitferljochting oerdeis wer út is. De ôfrûne dagen brâne yn it grut part fan de provinsje de lantearnepeallen kontinu.

Dat de lampen no út binne, betsjut lykwols net dat de problemen mei de ferljochting oer binne. Netwurkbehearder Liander is de skeakelingen oan it testen. It kin dus wêze dat de lampen noch in pear kear oan en út gean. Der wurdt noch hieltyd socht nei de oarsaak en nei de oplossing fan de problemen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)