Enkête ûnder ûndernimmers yn Achtkarspelen oer keapsnein

Gemeente Achtkarspelen
Undernimmers yn Achtkarspelen meie sizze oft sy al of net in keapsnein hawwe wolle. Se kinne yn in enkête oanjaan oft se der wat yn sjogge of net. De útkomsten gean nei de gemeenteried, sadat dy in goed beslút nimme kin.
Yn hieltyd mear gemeenten binne op snein de winkels iepen. Twa jier lyn sei in mearderheid fan de ried fan Achtkarspelen noch dat in keapsnein net nedich wie. Allinnich de PvdA en de VVD seine doe dat der wol romte foar wêze moat, as ûndernimmers dêrom freegje.