Wurksumheden op 'e A7 tusken De Tynje en Beetstersweach

14 jun 2016 - 13:59
  • A7

Ferkear op de A7 tusken De Tynje en Beetstersweach moat fan kommende wike ôf rekken hâlde mei wurksumheden oan de dyk. It wurk duorret in moanne. Op de A7 wurdt oer in lingte fan seis kilometer nij asfalt oanlein. Hjir komt Zeer Open Asfalt Beton (ZOAB) te lizzen. Dit moat de dyk feiliger en stiller meitsje, seit Rykswettersteat.

It wurk fynt safolle mooglik jûns en nachts plak. Oerdeis binne der wol gewoan twa rydstreken beskikber. Jûns en nachts is dat der ien. Ek wurde de op- en ôfritten fan en nei De Tynje en Beetstersweach in oantal kear ôfsletten. It ferkear wurdt dan mei buorden omlaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)