Fallisemint foar elektroanikaketen Scheer & Foppen

Elektroanikaketen Scheer & Foppen is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. It bedriuw hat 56 fêstigingen. De fjouwer Fryske filialen sitte yn Snits, Drachten en Easterwâlde en op It Hearrenfean. Scheer & Foppen hat al in tal jierren te krijen mei in fermindering fan de omset. De direksje hat besocht in oernamekandidaat te finen, mar dat is net slagge.
By it bedriuw wurkje 475 minsken. Foar harren is ûntslach oanfrege. De winkels bliuwe foarearst noch wol iepen.