Seis jier sel en tbs mei twangferpleging foar Udo D.

De Ljouwerter Udo D. is feroardiele ta seis jier sel en tbs mei twangferpleging, fanwege deaslach en it besykjen ta deaslach. Dat is gelyk oan de eask.
Udo D. sloech ferline jier yn Ljouwert in frou dea en stuts in oare frou del, dy't dêrtroch slim ferwûne rekke. Hy is fermindere tarekkenber en moat dêrom yntensyf behannele wurde, sei justysje twa wiken lyn op de sitting. De rjochtbank is dêryn meigien.