Kwaliteit fan jeugdsoarch yn gefaar troch minder jild

De kwaliteit fan de jeugdsoarch yn de gemeente Ljouwert komt yn gefaar, no't it Ryk goed 8 miljoen euro minder beskikber stelt. Ferline jier wie it budzjet noch sa'n 36 miljoen euro, takom jier giet dat werom nei hast 28 miljoen euro. Ferantwurdlik wethâlder Thea Koster is dêr lilk oer en seit ek dat der yn de âlde situaasje fan 36 miljoen euro al in gat wie fan 5 miljoen euro. It Ryk jout minder jild, omdat Ljouwert yn ferhâlding minder jeugdige ynwenners hat as fergelykbere stêden.
Mar de Ljouwerter jeugd hat relatyf wer mear help fan jeugdsoarch nedich, seit wethâlder Koster. Ien fan de redenen dêrfan is dat de jeugd yn de stêd relatyf mear yn earmoede libbet. Koster seit dat de ekstra besunigings foaral ta koste geane fan previnsje. Se wol noch mei steatssekretaris Van Rijn om tafel foar mear jild.