KNVB lit Fred Grim net nei Cambuur gean

Fred Grim © ANP
SC Cambuur kin fluitsje nei Fred Grim as nije trainer. Alteast, as it oan fuotbalbûn KNVB leit. Grim is op it stuit bûnscoach fan Jong Oranje en hat noch in kontrakt oant en mei it EK fan takom jier. En de KNVB wol graach dat Grim dat kontrakt úttsjinnet en lit him dus net nei Cambuur gean. "Fred past in de visie van Jong Oranje. Bovendien zijn we met Jong Oranje nog volop in de race voor kwalificatie voor het EK in Polen", seit Jelle Goes, technysk manager by de KNVB.
In pear wiken lyn stapte trainer Marcel Keizer op yn Ljouwert. Hy giet oan de slach by Jong Ajax. Dêrtroch moatte de Ljouwerters, dy degradearre binne nei de Jupiler League, op syk nei in nije trainer. En fluch ek, want nije wike stiet it earste trainingskamp foar de seleksje al op it programma.