Skuldfoarljochting fan Fryske gemeenten sjit tekoart

Fryske gemeenten dogge der te min oan om minsken te learen hoe't se út de skulden komme kinne en bliuwe kinne. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo. Gemeenten helpe minsken mei skulden wol, mar ha net echt belied om it gedrach te feroarjen, sadat se net wer yn de problemen komme. Se wolle der wol oan wurkje, docht bliken út it ûndersyk. Mar se witte noch net sa goed wat wol en net wurket.
Gemeenten stekke wol tiid yn it foarkommen fan skulden. Sa jouwe se foarljochting op skoallen en kinne minsken fia de gemeente budzjetkursussen dwaan.