F-35 fljocht fan Ljouwert werom nei Amearika

De F-35 is nei trije wiken wer fuortgien út Fryslân. Fan de fleanbasis yn Ljouwert ôf fleane de tastellen werom nei Edwards AFB yn Kalifornië, Amearika. Pas oer trije jier komt de F-35 wer nei Fryslân. De ôfrûne wiken koe Nederlân, en benammen Fryslân, yn de kunde komme mei it tastel dat yn de takomst de F-16 ferfange sil. Sa binne der saneamde 'belevingsvluchten' dien, sadat omwenners hearre kinne hoefolle leven oft de F-35 makket.
Yn totaal hat Nederlân 37 nije tastellen kocht. De earste komme oer trije jier nei Nederlân en wurde op de fleanbasis yn Ljouwert stasjonearre. Twa jier letter krijt ek Volkel de nije tastellen.