Lantearnepeallen yn Fryslân kinne noch hieltyd net út

De lantearnepeallen yn Fryslân kinne noch hieltyd net út. Netbehearder Liander wurket oan in oplossing, mar slagge der moandei net yn om de ljochten út te krijen. Sûnt moandeitemoarn is der in probleem yn de skeakelkasten. De lantearnepeallen krije dêrtroch gjin sinjaal dat se oan of út moatte.
It probleem spilet yn in grut part fan de provinsje. Wannear't it probleem wol oplost is, kin Liander net sizze.