Kollum: ''Djip yn it achterein''

14 jun 2016 - 08:27
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

''Earst wie it Skylge (Terschelling voor de FNP), en no binne it Skiermuontseach (Schiermonnikoog voor de FNP) en Ternaard. Plakken yn in gebiet dêr’t himel en ierde it toaniel diele, sa’t de UNESCO sei yn 2009, doe’t it Waad (de Waddenzee voor de FNP) op de Werelderfgoed list kaam. In unyk gebiet dat ekstra beskerming nedich hat. Dat fynt ek de provinsje. Dy sei yn it Streekplan dat opspoaren èn winnen fan djippe delfstoffen op en ûnder it Waad net winsklik is, ek net as dat fan it fêstelân ôf bart. Benammen de risiko’s op it sakjen fan de boaiem binne te grut.

Foarich jier hat Provinsjale Steaten noch in moasje oannommen tsjin nije opspoarings en winnings fan gas yn it hiele Fryslân, mei it each op de negative effekten dêrfan yn Grinslân. It lullige is dat de provinsje dêr neat oer te sizzen hat. Op grûn fan de Mijnbouwwet is it Ryk nammentlik primêr ferantwurdlik foar de djippe ûndergrûn. It Ryk jout fergunnings foar bygelyks it boaren nei gas. En datselde Ryk seit tsjin de NAM en de leden fan Big Oil: toe mar, boar mar lekker yn dat o sa moaie en o sa kwetsbere gebiet.

Regearje is foarútsjen, is de siswize. Dat is lykwols net fan tapassing op ús regearing. De VVD, en de meirinners fan de PVDA, ha de ôfrûne jierren in destruktyf liberaal besunigingsbelied fiert, in belied fan ôfbrekken en ferneatigjen. Dat ferneatigjen jildt ek foar de natuer en de omkriten. Ynstee fan no te kiezen foar de konversje fan fossile enerzjy nei duorsume enerzjy –en dêrmei foar de takomst-  leit dizze regearing nuet de holle yn de skurte fan Big Oil. Dy klup –Exxon, Shell, Chevron, Total en Gazprom bygelyks- offert de ierde op om harren business, de ekonomy, te rêden. En ús regearing is dêr mei skuldich oan. Komt dat troch sloppe knibbels, troch smarjild, troch belangen yn Big Oil? Miskien in kombinaasje fan dy trije. Yn alle gefallen lykje omset en rendemint belangriker as de needsaak en de gefolgen fan it boaren nei gas yn en om it Waad.

Soe oars ek it foarsoarchsbegjinsel net jilde moatte boppe it ekonomysk begjinsel? De fraach stelle is him beäntwurdzje. Mar, sizze Big Oil en ús regearing, gas is wol skjin. Dat is lykwols in praatsje foar de ynvestearders. Want troch ferlies yn it proses fan winnen en distribúsje oant en mei de einbrûkers, is der in ûnhuerige útstjit fan metaan. Op koarte termyn is metaan as broeikasgas hûndert kear slimmer as Co2, op langere termyn wurdt dat minder. Mar dy tiid ha wy net mear. It klimaatprobleem is gjin spultsje fan de lange termyn: yn minder as tritich jier moat it opwaarmjen fan de ierde ûnder de 2% bliuwe. En dat kin allinne as wy no ynsette op duorsume enerzjy, te witten ierdwaarmte, wyn, wetter en sinne.

Hawar, fan it regear hoege wy neat te ferwachtsjen, dat stiet mei sloppe knibbels en de earm djip yn it achterein fan Big Oil blyn en dôf te wêzen. Us iennichste hope is de provinsje. En lit dy no krekt gjin machtsmiddels ha.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)